Jo binne wend om Frysk te praten. Dat hawwe jo fan hûs út meikrigen of jo hawwe jo de taal miskien letter eigen makke. Miskien lêze jo ek graach Fryske boeken en wolle jo ek wolris wat yn it Frysk skriuwe.
Mar, dat falt net altyd ta. Hoe wie it ek al wer? Hoe skriuwe jo dat wurd? In soad minsken kinne it Frysk net skriuwe en dat wurdt geregeld as in gemis field. Krekt dat skriuwen hawwe moderne minsken hieltyd mear ferlet fan. Maile, sms’e, Whatsappe, Facebook, ferslaggen, stikjes foar de doarpskrante. Hast elkenien hat der wol mei te krijen.
By de Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje) kinne jo kursussen folgje om it skriuwen te learen en de algemiene kennis fan de taal grutter te meitsjen. Jo kinne in mûnlinge of skriftlike kursus folgje, leare fia ynternet op www.edufrysk.nl of in kombinaasjekursus folgje dêr’t learen fia ynternet kombinearre wurdt mei in mûnlinge gearkomste ien kear yn ’e moanne.
Om jo op te jaan foar in kursus klikke jo hjirneist op ‘oersjoch kursussen‘ en sykje jo de foar jo geskikte kursus út.
De Afûk biedt ook cursussen voor niet-friestaligen aan.