Meartaligens befoarderet de talige, sosjale en yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd al mear as ien taal eigen te meitsjen.
De provinsje stelt subsydzje beskikber oan pjutte-opfangen en bernedeiferbliuwen dy’t in taalbelied ûntwikkelje dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan bern. Pjutte-en berne-opfangen kinne stipe krije by it foarmjaan oan in taalryk fermidden fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Sjoch foar mear ynformaasje: sfbo.nl.