Trijetalich ûnderwiis

In bern mear jaan mei meartalich ûnderwiis. Der is gjin limyt oan wat in bern oan taal leare kin. Sterker noch, de iene taal helpt de oare. Boppedat wurdt in bern kognityf sterker troch it ‘dûbel’ learen. Mear talen, mear takomst!

Skoalle dy’t mear dwaan wolle mei meartaligens en Frysk, kinne telâne by Cedin. It Sintrum Meartaligens fan Cedin advisearret skoallen (fergees) yn it opsetten en ûnderhâlden fan twa- of trijetalich ûnderwiis. It advisearret ek foar it fak Frysk apart, sawol yn it primêr, fuortset as beropsûnderwiis. Cedin makket materialen en organisearret eveneminten om draachflak te kreëarjen foar ûnderwiis yn de Fryske taal.

Sjoch foar mear ynformaasje: Cedin Centrum Meertaligheid.

WordPress Image Lightbox Plugin