De Grutte Fibula fan Winaam (foto) ek wol neamd de keningsfibula fan Winaam, is it 7e iuwsk topstik út de argeologykolleksje fan it Frysk Museum. De fibula waard eartiids troch de frou fan in wichtige lieder of kening droegen.
De fynst by Winaam
By Winaam, op de terp Tsjitsma, in pear kilometer noardeastlik fan Harns, waarden fan 1991 oant 1993 argeologyske opgravings dien troch de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Dat ûndersyk hie ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten, dy’t dêr yn it ferline dien binne. De útkomst fan it ûndersyk jout oanlieding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.
Yn 1953 waard dêr de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploege skansearre en is dêrtroch net mear folslein. Amateurargeologen hawwe jierren mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dieltsjes.
By opgravings yn de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei gouden beklaaiïng, de knier en dieltsjes fan de kopplaat weromfûn. Stikje by stikje koe de spjelde rekonstruearre wurde. Allinnich fan de sierskiif is (noch) neat weromfûn.
Yn augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula weromfûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat part wie fan de kopplaat. Troch dy fynst is it mooglik wurden om de ôfbylding op de kopplaat te ûntsiferen. It docht bliken dat it om in ôfbylding giet fan de Fryske oergod Weda, flankearre troch twa dierlike helpgeasten.
Al dy fynsten suggerearje dat Winaam de delsetting west hat fan in ier-midsiuwsk skaai fan eallju. Yn kombinaasje mei de fynst fan in muntstimpel mei de ynskripsje (AUDWULF FRISIA) begjin 2006, wize se der sterk op dat de Fryske kening Audulf dêr syn residinsje hie.