Gysbert Japicx

Frysk dichter, skriuwer en taalgelearde, ûnderwizer en foarsjonger, berne yn Boalsert 1603, ferstoarn yn septimber 1666.

Japicx waard bekend as Frysk skriuwer. Hy ûntwikkele nei it ferfal fan de Aldfryske taaltradysje in nije Fryske kultuertaal. Dêryn skoep er sawol proaza as poëzij. Syn fersen skreau er – lykas wenst yn dy perioade – foaral om sjonge te kinnen. Ferskate Fryske sjongers en koaren songen syn lieten.

Japicxs Fryske rymlerije, útjûn nei syn dea yn 1667, is syn bekendste wurk. Dy gedichten ha yn de 19e iuw bydroegen oan it wekker skodzjen fan it nasjonaal besef by de Fryske yntellektuelen wêrmei’t er dus in wichtich foarrinner fan de Fryske beweging waard.
Gysbert Japicxs onderhold kontakten mei Hollânske en Ingelske skriuwers en gelearden. De Ingelske gelearde Franciscus Junius hat in skoftlang yn Boalsert wenne om fan Japicxs Frysk te learen. Yn 1640 ferskynde it boek Fryske Tsjerne, mei boartlike ferhaaltsjes en gedichten.

Libbensrin
Jacobsz (Gysbert), ek Japiks of Japicx neamd, wie de soan fan in skrynmakker en waard letter skoalmaster, earst yn Wytmarsum en yn 1637 yn syn bertestêd. Hy waard dêr ek foarsjonger yn de Martinitsjerke. Gysbert Japicx ferstoar krekt as syn frou oan de pest yn syn wenplak Boalsert yn septimber 1666. Trije iuwen nei syn dea krige er yn syn bertestêd Boalsert in stânbyld. Tagelyk kaam der in frijwol definitive werútjefte fan syn wurk mei in
ûnmisber kommentaardiel, fersoarge troch J.H. Brouwer as frucht fan in jierrenlange Gysbert-stúdzje. Japicx’ folsleine wurk is pas nei syn dea ferskynd yn 1667 ûnder de titel Fryske rymlerije, mei dêryn minnepoëzij, lietsjes, psalmen, gelegenheidsfersen en harderssangen.

Yn 1947 ha de Deputearre Steaten fan Fryslân in wichtige literatuerpriis, de Gysbert Japicxpriis, nei him ferneamd.
It tiidrek fan de Midfryske letterkunde (+ 1550 oant + 1800) waard dominearre troch de bjusterbaarlike figuer fan de dichter Gysbert Japicx. Sûnder foargongers fan namme, sûnder de driuwfear fan in skriftlike, lit stean literêre tradysje, docht bliken dat er frijwol út in fakuüm wei by steat is yn de minachte taal fan it lânfolk literatuer fan grutte alluere te skeppen. Syn Fryske Rymlerije, twa jier nei syn dea yn druk ferskynd, toant in dichter en ‘taalbouwer’ pur sang. Gysberts taalskeppend en –foarmjend fermogen falt te ferlykjen mei dat fan de renêssânsedichters yn Hollân, oan wa’t er him besibbe field hat en mei wa’t er konkurrearje woe. Mei dit ferskil dat er (yn beheinde rûnte) wjerlûd fûn, mar net of hast net skoalle makke hat: ‘in berch fan leechlân’, nei in rake typearring fan G. Gosses. De klankboaiem yn it stedhâlderlik Fryslân, dêr’t it ‘boersk’ sa dúdlik en sa’t it liket definityf nei de (soms wat pastorale) marzje ferwiisd wie, wie te lyts. Bjusterbaarliker wie it dat dizze renêssânsedichter foar ús opriist yn in oeuvre dat frijwol alle doe yn de Republyk gongbere sjenres omfettet. It giet om koartswilige of moralisearjende twaspraken, plastyske brulloftsfersen, geklike mar ek hertstochtlike minnesangen, religieuze lyryk fan in oandwaanlike djipgong, klassisistyske proazafragminten en net te ferjitten in fyftichtal psalmberimings.

WordPress Image Lightbox Plugin