Ûleboerd

Tsjintwurdich tinkt men by it wurd “ûleboerd” meastal oan in trijekantich boerd mei swannen en wat fersiersels. Oarspronklik wie it ûleboerd net mear as in trijekantich houten boerd op de nok fan in Fryske skuorre. De swannen en fersiersels binne der letter by kommen.

It ûleboerd komt oarspronklik út Fryslân, mar is yntusken ek yn de provinsjes dy’t oan ús grinzje te finen. Sa kenne se yn Drinte it “oelebret”. Dêr giet it, oars as hjir yn Fryslân, net om swannen en sawathinne. Yn Grinslân sprekke se fan in “oelebred, oelgevel, oelbord en ulebord”. Mar de betsjutting fan “oelgevel” is in trijehoekich geveltsje op de foarst fan it dak fan in boereskuorre. Dat is dus net letterlik oer te setten mei ûleboerd.

De skiednis fan it ûleboerd
It ûleboerd is oarspronklik ûntstien as beskerming foar de kwetsbere úteinen fan it dak of skuorre, om ynreinen foar te kommen. De timmerman liet de foarst of naald efkes trochrinne, sadat der in draachpunt ûntstie foar de top fan it ûleboerd. Wierskynlik wurdt it in ûleboerd neamd, om’t der in ûlegat yn sit dat tsjinst docht as fleangat foar ûlen. De ûlen kinne troch dat gat de skuorre ynfleane sa
dat se dêr de mûzen fange kinne.

In wisse datearring foar it ûntstean fan it ûleboerd is der net, mar der wurdt tocht dat it net earder ûntstien wêze kin as yn de 16de iuw. Dat wurdt sa oannommen om’t it Fryske boerehûs yn dy tiid in skuorre krige yn stee fan in heaberch. Earst doe’t der in skuorre kaam, ûntstie der romte by de foarst foar in ûleboerd. De âldste dokumintearre ferwizing nei in ûleboerd is in rekken út 1669 fan in timmerman. Dêr waard in ‘uille bord’ yn beskreaun.

WordPress Image Lightbox Plugin