De Upstalbeam is hjoed-de-dei in symboal fan de Fryske frijheid en fan Fryske ienheid. De Upstalbeam is net de namme fan in bysûndere beam, mar fan in gebiet mei in âlde grêfheuvel as middelpunt.
Yn de 13e en 14e iuw waarden by de Upstalbeam gearkomsten holden tusken ôffurdigen fan de frije Fryske lannen. Hjoed-de-dei komme dy midsiuwske Fryske lannen rûchwei oerien mei de provinsjes Fryslân en Grinslân en de regio East-Fryslân. West-Fryslân (Noard-Hollân, NL) en Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein, DE) hearden net by it ferbûn fan de Upstalbeam. By de Upstalbeam waarden saken bepraat dy’t foar de leden fan it bûn fan belang wienen. Yn it foarste plak waard der rjocht sprutsen. Dêrneist wie de Upstalbeam in militêre alliânsje fan Fryske lannen. By de Upstalbeamgearkomste fan 1327 waarden stedsrjochten ferliend oan Appingedam.
Yn it midsiuwske Fryslân waarden wetboeken en oarkonden yn it Aldfrysk skreaun. De kleasters hienen dêr in wichtige rol yn. It Kleaster Ihlow wie tige wierskynlik it argyf en de kânselarij fan de Upstalbeam. Ek al wie der apart fan de Upstalbeam gjin politike ienheid, de Santjin Kêsten en de Fjouwerentweintich Lânrjochten jilden foar alle frije Fryske lannen.
Yn 1833 waard op de grêfheuvel fan de Upstalbeam in piramide delset, as monumint ta oantinken oan it midsiuswk bûn. Yn 2005-2009 waard it Kleaster Ihlow rekonstruearre. Sûnt 2004 wurde der by de Upstalbeam – op de tiisdei nei Pinkster – gearkomsten h0lden, dy’t sawol fan kultuer-histoaryske as fan in moderne politike betsjutting binne.