In wolkjimmer as rêder
Eise Eisinga waard op 21 febrewaris op ‘e Ryp 1744 berne. Dêr folge er ek de legere skoalle. Lykas safolle bern yn dy tiid, moast er thús komme te wurkjen, yn syn gefal yn de wolkjimmerij fan syn heit. Njonken it wolkjimmen naam er fan syn heit ek de niget oan dingen as stjerkunde en wiskunde oer. Hy wie sa learderich dat er al op jonge jierren alle wiken nei Frjentsjer rûn, dêr’t er mei Willem Wytses, in wolferver, de wiskundeboeken fan Euclides bestudearre.
Mei 24 jier troude Eisinga mei Pytsje Jakobs en sette er him yn 1768 as wolkjimmer yn Frjentsjer ta wenjen. Syn grutte kennis fan de wis- en stjerkunde kaam goed fan pas doe’t der yn maaie 1774 ûnrêst ûntstie oer de foarsizzing fan Eelco Alta oangeande de ein fan de tiden (sjoch fierderop). Hy beskikt oer alle kennis om yn syn wenkeamer in model fan it sinnestelsel te bouwen. Dêr woed er mei sjen litte dat der gjin reden ta panyk wie. Tusken syn alderearste idee en de úteinlike útwurking ferrûn mar sân jier.
De ein fan ‘e tiden?
Op 8 maaie 1774 wie der in bysûndere gearstân (konjunkjse) fan planeten. Op ‘e iere moarn stienen Merkurius, Venus, Mars, Jupiter en de moanne deun b inoar oan ‘e himel. Der waard ornearre dat dy himellichems opinoar botse soenen en dêrmei soe de ierde út syn baan slingere wurde en yn de sinne ferbaarne.
Dy foarsizzing waard dien troch Eelco Alta, dûmny te Boazum. Yn april 1774 ferskynde yn de Leeuwarder Courant in stikje oer it skriuwen fan dy ‘leafhawwer fan de wierheid’, sa’t er him neamde. It geskrift hie de titel: Philosofyske oertinkings by de konjunksje fan de planeten.
Troch Alta’s ideeën ûntstie in soad ûnrêst en bangens ûnder de minsken. Oerheden en bestjoerders besochten yn te gripen troch it near op it geskrift te lizzen, mar it kwea wie al bard.
In stikmannich wichtige jiertallen
1828 Eise Eisinga ferstjert.
1928 Betinking 100-jierrige stjerdei fan Eisinga, op inisjatyf fan E. Havinga, âld gesachfierder fan de Rotterdamske Lloyd. Yn ‘e mande mei dr. W.E. Van Wijk (universiteit Leien) en J. d’Aumerie (amateur astronoom út Vorden) joech er in jubileumboek út mei in beskriuwing fan it libben en wurk fan Eise Eisinga. Boppedat waard in tinkteken oprjochte mei in plakette fan Eise Eisinga by de Martinitsjerke yn Frjentsjer.
1969 Restauraasje troch Harke Terpstra; dêrby is ek de eftergevel fernijd.
1971 Spylfilm ‘Klein Bestel’ yn opdracht fan Ministearje CRM.
1974 Fiering 200 jier begjin bou planetarium; ‘Eise Eisinga’ kaam dêrby oan in parasjút del yn de Foarstrjitte.
1981 Fiering 200 jier Eisingaplanetarium; útjefte fan in betinkingsmunt en it boek “Friesche Sterrekonst” fan Harke Terpstra.
1990 Utwreiding Planetarium mei de eardere wolkjimmerij.
1994 Fiering 250 jier bertedei Eise Eisinga; útjefte spesjale postsegel.
1997 Grutte restauraasje troch in tiim, besteande út Jacob ten Hoeve, Klaes posthuma en Kees van der Veen û.l.f. Hans Noordmans.
2002 It planetarium wurdt in stifting.
2004 Spylfilm “Eise Eisinga, fenomeen van Franeker” fan Anton Stoelwinder.
2005 De 1,5 miljoenste besiker wurdt teld.
2006 Eise Eisinga Planetarium: 225 jier yn beweging!
2006 Op 19 maaie kriget it Planetarium it predikaat ‘keninklik’.
2006 Op 16 oktober wurdt it Planetarium opnommen yn de Canon van Nederland, in kronologyske list fan fyftich ûnderwerpen dy’t de haadtema’s fan de Nederlânske skiednis omfiemet.
2008 It oanswettende pân De Túnkeamer is oan it Planetarium tafoege. De ynrjochting fan it Planetarium is fuort ek folslein fernijd.