De Fryske taal

It Frysk is in taal dy’t heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan ‘e Westgermaanske talen. Troch taalkundigen wurdt it faak Westerlauwersk Frysk neamd. Yn it bûtenlân stiet it ornaris bekend as Westfrysk.

It Frysk yn sifers
Sa likernôch 480.000 minsken yn de provinsjes Fryslân en Grinslân (Westerkertier) kinne Frysk prate. Binnen dy groep hawwe sa’n 350.000 minsken it Frysk as memmetaal.
De sifers oer it tal Fryskpraters yn it Fryske taalgebiet komme út ferskillende ûndersiken. Der is gjin resint ûndersyk oangeande it Fryskpraten by Friezen om utens.

Yndieling
Mei it Sealter-Frysk en it Noard-Frysk is it Frysk ien fan de trije tongfallen binnen de Fryske taalgroep. De Fryske taalgroep en de Angelsaksyske taalgroep wurde beide ta de Noardwestgermaanske talen rekkene. Dat is wer in tûke binnen de Germaanske taalgroep, as ûnderdiel fan de Yndo-Europeeske talekloft.

Sjoch hjir (Wikipedia) foar mear ynformaasje.

Yn de ISO 639 falt it Westerlauwersk Frysk ûnder de koades ‘fy’ en ‘fry’.

It Frysk wurdboek
It Frysk Hânwurdboek (2008) is in folslein Frysktalich wurdboek mei 70.000 stekwurden. It wurdboek jout gâns omtinken oan de eigentiidske wurdskat.

It Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) hat 125.000 stekwurden. It earste diel dêrfan ferskynde yn 1984. It WFT beslacht 25 dielen fan elk sawat 400 siden. It lêste boek ferskynde yn 2010. It WFT jout in wittenskiplike beskriuwing fan de wurdskat fan it Nijfrysk út it tiidrek 1800-1975.

By de Fryske Akademy yn Ljouwert binne ferskate taaldatabanken foar it Aldfrysk (oant 1550), Midfrysk (1550-1800) en njoggentjinde-iuwsk Frysk. De taaldatabank foar it Nijfrysk fan de tweintichste iuw hat 25 miljoen wurden.

It âldste Frysk
De âldste oerlevere Fryske tekst is fûn op in munt dy’t datearre wurdt om 500 nei Kristus hinne. Op dy munt is yn runeskrift de tekst “Skanomodu” te finen, en dat betsjut “skjinne moed”.
De âldste teksten skreaun mei it Latynske alfabet binne de saneamde Aldfryske psalmlossen dy’t datearre wurde op ’t lêst fan de 12e iuw. De psalmglossen binne skreaun op in stik perkamint en oerlevere yn in bân fan in 17e-iuwsk boek.
Om 1485 hinne waard it earste Fryske boek printe, it Freeska Landriucht (Fryske lânrjocht).

 

Geef Frysk en Standertfrysk
It Standertfrysk is in fariant fan it Frysk dat as noarm brûkt wurdt. De term geef Frysk betsjut navenant itselde.
De definysje fan it Standertfrysk lit him net samar beskriuwe. It kin wol sjoen wurde as it Frysk dat neffens aktive of bewuste taalbrûkers de noarm wêze moat. Benammen sjoernalisten, skriuwers, dosinten en politisy binne wichtige brûkers fan it Standertfrysk. Hja meitsje de standert sichtber en wurkje boppedat mei oan de fierdere ûntjouwing.
In standerttaal wurdt fêstlein yn wurdboeken en grammatika’s. Dy wurde troch de media, de polityk en it ûnderwiis brûkt. It is in noarm dêr’t stal oan jûn wurdt troch dosinten en taalkundigen. Taalorganisaasjes lykas de Fryske Akademy jouwe it ark om in standerttaal mooglik te meitsjen. De Fryske stavering wurdt lykwols fêststeld troch Provinsjale Steaten.

 

Frisistyk
De frisistyk is alles op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk en stúdzje nei de Fryske taal, literatuer, gea, mienskip en kultuer. Theodor Siebs (1862-1941) wie de earste wittenskipper dy’t ûndersyk die nei alle trije Fryske talen, en kin as grûnlizzer sjoen wurde fan de moderne frisistyk.

It Nordfriisk Instituut yn Noardfryslân is in ûnôfhinklik wittenskiplik ynstitút foar it Noardfrysk. Noardfrysk kin yn Sleeswyk-Holstein studearre wurde oan de universiteiten fan Flensburch en Kiel. Yn Flensburch wurdt it Frysk as byfak oanbean, yn Kiel is it mooglik om in foltiidstúdzje te dwaan.

Foar it Westerlauwersk Frysk is de Fryske Akademy yn Ljouwert sûnt 1938 de wittenskiplike ynstelling foar it ûndersyk nei de Fryske taal. Oan de Universiteit fan Amsterdam wurdt Frysk as byfak oanbean, yn Grins is it mooglik om in foltiidstúdzje te dwaan. Sûnt 2012/2013 is it Frysk dêr ûnderdiel fan de bredere stúdzje Minorities & Multilingualism

It Sealterfrysk wurdt net as byfak of foltiidstúdzje oanbean. Oan de universiteit fan Oldenburch yn Nedersaksen wurket ien wittenskipper oan it ûndersyk nei it Sealterfrysk.

Sealterfrysk en Noardfrysk
It Sealterfrysk is in oare Fryske taal dy’t net sa bot mear liket op it Westerlauwersk Frysk. Beide talen kinne ûnderling mei muoite ferstien wurde. Yn it suden fan East-Fryslân (Nedersaksen), it Sealterlân, binne sa’n 2.000 minsken dy’t it Sealterfrysk as memmetaal hawwe. It Sealterfrysk is it lêste oerbliuwsel fan it Easterlauwersk Frysk, de Fryske taal dy’t yn Grinslân en de rest fan East-Fryslân útstoarn is.

It Noardfrysk wurdt troch sa’n 8.000 minsken yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein) praat. Noard-Fryslân waard yn twa kolonisaasjeweagen befolke troch Friezen út oare Fryske gebieten, yn de achtste en alfde iuw. It Noard-Frysk is ryk oan dialekten. De dialekten binne yn twa haadgroepen yn te dielen, dy fan de eilannen en dy fan de fêste wâl. It Noard-Frysk en it Westerlauwersk Frysk binne ûnderling tige min te ferstean.

It Sealterfrysk en it Noard-Frysk binne ûnderling wol aardich te ferstean. It Sealterfrysk sit datoangeande tusken it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk yn. Boppedat binne yn it Sealterfrysk frijwat eleminten fan it Aldfrysk bewarre bleaun.

Fryske literatuer
It Frysk is al 15 iuwen in skriuwtaal. Fryske boeken binne oerset yn ferskate oare talen en der binne films makke fan Fryske literêre wurken.

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste Fryske literatuerpriis en wurdt om ‘e twa jier útrikt troch de Provinsje Fryslân.

Alle jierren ferskine sa’n 120 Frysktalige boeken. Dêrfan is twatredde fiksje en in treddepart non-fiksje. Yn trochsneed ferskine jierliks goed 30 literêre wurken.

Wetlik foech
It Frysk hat sûnt 1956 in offisjele status.
It brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear is wetlik regele yn it Steatsblêd 1956, 242. In wiziging dêrop is te finen yn it Steatsblêd 1995, 440. It brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis is wetlik regele yn kêst 9-4 fan de Wet Primêr Underwiis en yn kêst 11a-2 fan de Wet op it Fuortset Underwiis. It brûken fan it Frysk op bestjoerlik nivo is wetlik regele yn de kêsten 2-7 oant en mei 2-12 fan de Algemiene Wet Bestjoersrjocht.

De Nederlânske steat hat twa ferdraggen fan de Ried fan Europa ratifisearre. Dat is it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen en it Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden.

It Ramtferdrach beskerming nasjonale minderheden is tagelyk in taalferdrach as in erkenning fan de Friezen as folk.

WordPress Image Lightbox Plugin