Douwe Kalma, Frysk Skriuwer (Boksum, gemeente Menameradiel 03-04-1896 – Ljouwert 18-10-1953). Soan fan Petrus Douwes Kalma (boer) en Sytske Schukking.
Douwe Kalma waard berne yn in protestantske húshâlding as iennichst bern.
Hy ferlear syn heit al yn 1907 en wenne mei syn mem yn Boksum, Dearsum en Raerd. Op it Snitser Gymnasium, dêr’t er fan 1908 oant 1914 hinnegong, krige er troch de lessen fan P. Sipma in grutte leafde foar de Tachtigers. Dat brocht him ek yn oanrekking mei de Fryske letterkunde. Yn 1913 publisearre Kalma ûnder it pseudonym Priso yn ‘Sljocht en Rjocht’ al in Fryske oersetting nei in bewurking fan in epysk gedicht fan de Deenske skriuwer E. Longé. Nei syn eineksamen studearre Kalma teology yn Grins, mar hy stoarte him dêrneist mei in soad entûsjasme op de Fryske letterkunde. Nei in jier briek er syn stúdzje ôf, gong yn militêre tsjinst en hold him in tal jierren frijwol allinne mei literêr wurk dwaande. Fan 1927 oant 1931 studearre er yn Grins Ingelske taal- en letterkunde. Dêrnei wie er fan 1931 oant 1942 learaar Ingelsk yn Eindhoven.
Underwilens wie Kalma lieder fan in nije Fryske skriuwersgeneraasje wurden, in generaasje dy’t op syn inisjatyf de Jongfryske Beweging neamd waard. Mei in tal jonge auteurs, wêrûnder M.H. Bottema, R.P. Sybesma en syn eardere learaar Sipma, hat er yn 1915 de Jongfryske Mienskip oprjochte. Dat wie in feriening dy’t yn de Fryske Beweging jierrenlang de toan oanjaan soe. De Jongfriezen yntrodusearren yn de Fryske literatuer, dy’t op dat momint foar in grut part yn it teken stie fan ûnbetsjuttende folksaardige humor en sentimintele romantyk, de ferfine dichtkeunst fan de Tachtigers en fan harren Ingelske foarbylden Shelley en Keats. Kalma en syn freonen skreaune foar it earst yn it Frysk hiele rigen fan sonnetten, faak mear epigoan as orizjineel. Dochs wie dat fan grutte betsjutting foar de ûntwikkeling fan de lytse Fryske letterkunde, út it strikt regionale en it net pretinsjeuze wei nei de echt moderne literatuer, dy’t oanslute koe by de West-Europeeske ûntwikkelingen.
It optreden fan Kalma en syn Jongfriezen feroarsake in langduorjende striid mei in tal âldere Fryske skriuwers. Yn in grutte rige skelkritiken yn it sjenre fan Lodewijk van Deyssel bestookte Kalma harren yn de Leeuwarder Courant, de Nieuwe Sneeker Courant en yn inkele brosjueres dy’t nochal wat opskuor joegen, benammen Jongfryske beweging (1915), Fryslân en de wrâld (1916), Ljocht en Skaad (1916) en De skild fan it selskip (1917). Hy stelde dêryn de persoanlike keunst fan de Jongfriezen foar it popularisearjende wurk fan de folksskriuwers oer.
Mar Kalma kaam mei mear as literêre krityk allinne. Hy bepleite ek in tige radikaal nasjonalisme, dat de polityk net mije mocht en de frije en ûnbehindere ûntwikkeling fan it Fryske folk foarstean moatte soe. Yn in trijetal artikels yn de Telegraaf yn 1916 hie er him sels foar Ingelân en tsjin Dútslân útsprutsen. Boppedat soe Fryslân mear kontakt lizze moatte mei de Skandinavyske folken. Syn biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’ hold sels noch mear yn: it betsjutte ek it iepenstellen fan Fryslân foar de kulturele ûntwikkelingen yn de hiele wrâld. Net allinne de moderne auteurs mar ek de klassike skriuwers moasten eins troch de wei fan de Fryske oersettings by it Fryske folk bekend makke wurde. Kalma syn eigen lyrysk wurk waard yn fiif bondels publisearre. Hy is net in meislepend en oarspronklik dichter, syn klassike foarming is te dúdlik merkber. Yn syn lêste bondels, Sangen (1936) en De lytse mienskip (1944; werprinte 1954) ferliet er de klassike foarbylden en berikte er gruttere orizjinaliteit troch hieltyd mear fan syn eigen inerlike gefoelens bleat te lizzen. Syn oersettingen fan Homerus, fan Alde en Middelingelske epyk, Dante, Shakespeare, Molière, Schiller, Shelley, Swinburne, Leconte de Lisle, Shaw, Yeats, Lionel Johnson en Tagore wienen noch wichtiger. Yn 1940 wie er al begûn mei de oersetting fan it wurk fan Shakespeare. Pas jierren nei syn ferstjerren soe it komplete wurk fan dy skriuwer, dy’t er tige bewûndere, publisearre wurde ûnder de titel Shakespeare’s wurk (Drachten, 1956-1976). Yn it letterkundich moanneblêd Frisia, dat er yn 1917 oprjochte hie en dêr’t er frijwol konstant haadredakteur fan west hat oant 1936, publisearre er ûnder it pseudonym Hero Camminga. Hy brocht dêryn ek ferskate bûtenlânske skriuwers by syn lêzers û.o.: Walt Whitman, Romain Roland en Tagore.
Ferskate kulturele ynstellings waarden troch Kalma oprjochte, lykas it Ynstitút for Fryske Folksûntjouwing (1922) , de Fryske Bibleteek (1922) en de Algemiene Fryske Underrjochtkommisje (1925). Fan 1927 oant 1945 wie er redakteur fan it orgaan fan dy lêste ynstelling. Yn 1919 naam er diel oan de oprjochting fan it wykblêd It Heitelân. Nei in konflikt mei de redaksjeleden rjochte er yn 1922 it blêd De Nije Mienskip op, dat it ûnder syn lieding oant 1929 ta folhold. Syn besykjen om in nasjonale konsintraasje yn de Fryske Beweging te organisearjen om it tiidskrift fan de Opstalbeam hinne (1925), mislearre. Likemin hie er sukses mei syn blêden Ús Striid (1933-1935), Streamingen (1936-1938), De Jongfryske Mienskip (1946-1951) en Lyts Frisia (fan 1952 ôf). Oan ferskate oare blêden wurke er mei, lykas Forjit my net, Swanneblommen, Fryslân, Sljucht en Rjucht, It Fryske Folk en De Tsjerne, dêr’t er soms yn skreau ûnder it pseudonym Adzer J. Greida en I. De Werw-Manaos.
Kalma ivere boppedat foar in fernijing fan it Fryske folkstoaniel. Syn eigen dramatyske wurk waard net folle spile, it wie net tige spylber. It giet hjir om in fiiftal op Schiller ynspirearre keningsdrama’s yn fersen (Keningen fan Fryslân (1949-1951, 2 dl.). Op histoarysk en literêr-histoarysk mêd wie er ek tige aktyf. Sa skreau er in nasjonale skiednis fan alle oarspronklike Fryske gebieten, Skiednis fan Fryslân (1935, werprinte 1944 en 1965). Neist in trijetal sammelbondels fan de Jongfriezen joech er yn trije dielen in oersjoch fan de moderne Fryske letterkunde. De Fryske Skriftekennisse fan 1897-1925 (1928-1931, 2 part); De Fryske skriftekennisse fan 1876-1897 (1939). Fan bliuwende betsjutting is syn dissertaasje Gysbert Japiks. In stúdzje yn dichterskip (1938), dêr’t er op promovearre by professor J.M.N. Kapteyn. It wie it earste yn it Frysk skreaune proefskrift, en dat is tekenjend foar Douwe Kalma syn pionierskip.
Op polityk mêd woe er ek de grutte ynspirearjende lieder wêze, dy’t er op literêr terrein grif west hat. Mar dêrby faalde er danich. Op ’en doer ferfrjemde er frijwol fan al syn freonen troch syn wiis, autoritêr en ritich optreden. Ien stik earsucht makke dat er hieltyd wer nije wegen ynsloech. Omdat er yn 1919 de Jongfryske Mienskip in sosjalistyske rjochting yn fierde en it nasjonalisme dêrfan begûn ôf te swakjen, ferlieten de kalvinisten de feriening. Doe’t Kalma’s sosjalisme hieltyd mear ferwettere, kearden de oertsjûge sosjalisten him yn 1927 de rêch ta. Yn de jierren dy’t dêrop folgen sloech Kalma in fassistyske rjochting yn. Mar syn fassisme wie sa min prononsearre, dat er de echte fassisten yn de Mienskip ek net tefreden stelde. Yn 1933 kaam it ta in breuk, dêr’t Kalma sels tydlik it liederskip oer de Mienskip troch ferspile. Yn de oarloch fersoene er him wer mei harren en wurke er mei oan ferskate pro-Dútske blêden, lykas It Fryske Folk, Saxo-Frisia en Het Noorderland en De Schouw. Yn 1944 naam er, yn earste ynstânsje út nazihannen, de Harmen Sytstra-priis oan, mar letter stjoerde er dy werom.
Nei de oarloch hat Kalma, dy’t him yn 1942 út Eindhoven wei wer yn Fryslân fêstige hie, fjouwer moanne yn in kamp foar politike delinkwinten trochbrocht, sûnder dat er fierders dêrnei foar in Bysûnder Gerjochtshôf kaam te stean. Wol waard him, troch de Eareried foar de Letterkunde in tydlik publikaasjeferbod (oant 1 april 1953) oplein. Hy lei him dêr net by del en begûn yn 1946 wer te publisearjen, wêrby’t er him fel kearde tsjin de suveringsmaatregels, dy’t hy en oaren yn de Fryske Beweging ûndergean moasten. Nei in pear jier waard er – troch guon oanmerke as opportunistysk persoan, dy’t in ’e rin fan syn libben as in kameleon fan politike kleur wiksele – wer troch in protte minsken yn Fryslân akseptearre en wurdearre, fanwege de grutte betsjutting dy’t er troch syn mearsidich literêr oeuvre foar it kulturele libben yn Fryslân hân hat. Hy stoar op 18 oktober 1953 as gefolch fan in auto-ûngelok.
oerset neffens G.R. Zondergeld