Op 2 maaie 1996 hat it Nederlânske regear by de Ried fan Europa offisjeel te kennen jûn dat foar Nederlân it Europees Hânfêst foar ‘regionale talen of talen fan minderheden’ jildt. Op 1 maart 1998 is it Hânfêst yngien.
Hjirûnder stiet in oersetting yn it Frysk troch drs. Sytze T. Hiemstra.
Nederlân hat yn 1996 him ferplichte Diel II jildich te ferklearjen foar
· it Frysk
· de Nedersaksyske talen
· it Jiddysk
· de talen fan de Romani
· it Limboarchsk
Foar it Frysk jildt ek de tapassing fan minimaal 35 leden of letters keazen uit de bepalings fan Diel III fan it Hânfêst. Doe’t it Hânfêst oannommen is hat Nederlân him ferplichte 48 bepalings ta te passen. Wa’t algemiene ynformaasje oer it Hânfest ha wol kin surfe nei: Regional minority languages.
Kommisje fan Eksperts
Ien kear yn de pear jier komt de in groepke saakkundigen nei de ûnderskate lannen om te monitoaren hoe’t it de foarstiet mei de foarderingen fan de ferplichtings dy’t in lân op him nommen hat. Dêr wurdt ferslach oer út brocht oan de regearings en kinne de oanbelangende regearings dêr wer op reageare. Under it kopke monitoring stiet reports and recommendations.
It HÂNFÊST
Fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa
Oannommen op de gearkomste fan ôffurdigen fan de FUEN
Bautzen / Budyšin, 25 maaie 2006.
Oersetting út it Ingelsk en Dútsk: drs. Sytze T. Hiemstra
Utjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging
YNLIEDING
De autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen yn Europa, de leden fan de Federal Union of European Nationalities (FUEN) / Föderalistische Union Europäischer Volksgruppen (FUEV) en de Youth of European Nationalities (YEN) / Jugend Europäischer Volksgruppen (JEV), dy’t dit hânfêst fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa yn it jier 2006 ûndertekenje, beroppe harren op de minskerjochten en fûnemintele frijheden, dy’t fêstlein binne yn de Universele Ferklearring fan de rjochten fan de minske fan de Feriene Naasjes (1948) en de Europeesk Ferdrach foar de beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden fan de Ried fan Europa (1953); mei achtslaan fan de Ferklearring fan de rjochten fan persoanen dy’t behearre ta nasjonale of etnyske, religieuze en taalminderheden (1992) en ek fan kêst 27 fan it Ynternasjonale ferdrach oangeande boargerrjochten en politike rjochten (1966), mei achtslaan fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden (1995) en it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (1992); mei achtslaan fan it Hânfêst fan de fûnemintele rjochten fan de Europeeske Uny en de Keappenhavenske kritearia foar in lidmaatskip fan de Europeeske Uny; mei achtslaan fan de dokuminten fan de Organisaasje foar feiligens en gearwurking yn Europa (CSCE/OSCE//KSZE/OSZE) fan Helsinki, Parys en Keappenhaven. oerwagende dat de minderhederjochten in ûnderdiel fan de minskerjochten binne en it beskermjen fan minderheden en it befoarderjen fan de nasjonale, autochtoane minderheden / etnyske groepen aktive fredespolityk is, ekonomyske woltier en kulturele en taalrykdom jout; beächtsjend dat de grutte demografyske en maatskiplike feroarings gefolgen hawwe foar autochtoane, nasjonale minderheden; tinkend oan it ûntbrekken fan binende, ynternasjonale foarsjennings, de slûpende driging fan assimilaasje, marzjinalisearring, it útstjerren fan talen en it ferlern gean fan kultuer en wearden, sprekke harren út foar: frijheid, demokrasy en de rjochtssteat; tolerânsje en respekt oer en wer; it selsbeskikkingsrjocht fan yndividuen en folken, it grûnbegjinsel fan de steatssoevereiniteit en it prinsipe fan territoriale ûnskeinberens, in Europa fan it ferskaat, de ûnferfrjemdbere wearden en it geastlik erfskip fan ús kontinint, benammen foar it earbiedigjen en stypjen fan taal- en kultuerferskaat, it beskermjen en befoarderjen fan taal, kultuer, identiteit en de karakteristike skaaimerken fan de folken as in rykdom fan Europa dy’t, as er weiwurdt, foar ivich ferdwûn is, in aktyf en konstruktyf stal jaan fan in Europeeske boargerlike maatskippij dêr’t autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen diel oan hawwe.
BETSJUTTING EN DOEL FAN IT HÂNFÊST
Mei dit Hânfêst fan de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen yn Europa stribje de ûndertekeners it neikommende nei om,
oanslutend by de List fan grûnrjochten út de Ferklearring fan Cottbus út 1992 fan de Federal Union of European Nationalities (FUEN/FUEV) en it konsept fan in oanfoljend protokol út 1994 foar it Europeesk minskerjochteferdrach en by oare oannommen dokuminten fan de FUEN/FUEV en de YEN/JEV.f
erwizend nei de Parlemintêre gearkomste fan de Ried fan Europa (oanfoljend protokol by it Europeeske minskerjochteferdrach út 1993) en de Veneesje-Kommisje (konsept fan it Europeesk ferdrach foar it beskermjen fan minderheden út 1991), de klam te lizzen op de positive betsjutting fan de autochtoane, nasjonale minderheden foar de ûntjouwing fan de Europeeske boargerlike maatskippij, it selsbegryp fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa te tsjutten, oan te trúnjen om de besteande twa- en meartaligens te bewarjen en de minderheids- of regionale talen dy’t fakentiden mei útstjerren bedrige wurde, as in fanselssprekkende rykdom fan Europa en as in faktor fan kulturele en regionale identifikaasje, te befoarderjen en te soargjen foar de needsaaklike betingsten, hieltiten mar wer te oan te jaan dat it needsaaklik is om gâns by it beskermjen fan minderheden op te setten en aktive stipe oan minderheden te jaan as garânsje foar stabiliteit, frede en ferskaat yn Europa, de driuwende needsaak om it fierder ûntwikkeljen fan it beskermjen fan Europeeske minderheden te fersterkjen, omdat it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden en it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden net it einpunt fan in duorsume beskerming fan minderheden foarmje, steech oan te trúnjen dat it beskermjen fan minderheden ien fan de foarnaamste ûnderwerpen bliuwt op it regionale, nasjonale en Europeeske politike nivo, de autochtoane, nasjonale minderheden ynbegrepen.
FEITEN
De Europeeske autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen binne in wichtige politike, kulturele, talige, ekonomyske, regionale en yntellektuele faktor yn Europa:
Yn de 45 steaten dy’t ta Europa hearre, komme mear as 300 nasjonale minderheden foar mei sa’n 100 miljoen minsken. Dat betsjut dat hast ien op de 7 Europeanen himsels rekkenet ta in autochtoane, nasjonale minderheid. Der wurde sa’n 90 talen praat yn Europa. Dêrfan binne 37 offisjele steatstalen en sadwaande binne 53 saneamde ‘steatleaze’ talen, d.w.s. de minderheids- of regionale talen.
SELSBEGRYP
Ta de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen wurde minderheden rekkene dy’t dat wurden binne as gefolch fan ûntwikkelings yn de Europeeske skiednis, as gefolch fan feroaring fan steatsgrinzen en oare histoaryske foarfallen.[iii] Ta de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen wurde ek Europeeske folken rekkene dy’t nea in eigen steat hân hawwe en as minderheid wenje op it grûngebiet fan in steat.[iv]
DEFINYSJE
Al desennialang wurdt yn polityk en wittenskip oer in rjochtsjildich binende definysje fan autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa diskusjearre, mar oant no ta hat dat net ta oerienstimming laat. In wetlik erkende definysje is fan grut belang omdat allinnich in goed omskreaune groep kollektyf rjochten opeaskje kin.
De ûndertekeners beroppe harren op de definysje út de FUEN/FUEV-Ferklearring út 1994, dy’t hjir yn in oanpaste foarm werjûn wurdt. Under in autochtoane, nasjonale minderheid / etnyske groep wurdt in mienskip ferstien:
1. dy’t yn in gebiet fan in steat byinoar of ferspraat wennet;
2. dy’t yn tal lytser is as de oare ynwenners fan de steat;
3. dêr’t de leden boargers fan dy steat binne;
4. dêr’t de leden al generaasjeslang wenne hawwe yn it oanbelangjende gebiet;
5. dy’t troch etnyske, talige of kulturele skaaimerken ûnderskaat wurde kinne fan de oare steatsboargers en dy karakteristike eigenskippen bewarje wolle.[v]
GRÛNPRINSIPEN
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen, meitsje dúdlik dat de minderhederjochten in ûnderdiel fan de minskerjochten binne.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen binne boarch foar it taal- en kulturele ferskaat en foarmje in wichtige politike, ekonomyske, regionale en yntellektuele faktor yn Europa.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen, sjogge ússels as bemiddelers tusken de kultueren, as boargen foar it Europeeske ferskaat en wolle graach erkend wurde yn de ferriking dy’t wy foarmje en ús bydrage oan de ûntjouwing fan in Europeeske boargermaatskippij leverje.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen, beroppe ús op it rjocht op beskerming foar bedriging, it behâld fan de eigen identiteit, beskerming fan ús bestean en beskerming foar assimilaasje.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen, wize op it prinsipe om net diskriminearre te wurden en in likense behanneling te krijen. Wy bekrêftigje dat ‘positive diskriminaasje’[vi] needsaaklik is om werklik likense kânsen te skeppen. It prinsipe fan ‘postitive diskriminaasje’ is net yn striid mei it ynternasjonale, folkerjochtlike prinsipe fan likense rjochten of net-diskriminearjen, mar hâldt rekken mei it bysûndere ferlet fan de autochtoane, nasjonale minderheden om beskerme en stipe te wurden.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen, ûnderstreekje it prinsipe dat it in saak fan yndividuele frijheid is om jinsels te rekkenjen ta in nasjonale minderheid en dat it fan amtswegen[vii] net kontrolearre wurde mei.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen groepen, dogge fannijs oanspraak op kollektive rjochten foar de autochtoane, nasjonale minderheden fan Europa en beroppe ús op it selsbeskikkingsrjocht fan folken.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen, easkje it rjocht op kulturele autonomy en passende foarms fan selsbestjoer op.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen, komme op foar in aktive yntegraasje fan de opgroeiende generaasje as boarch foar de folsleine ûntjouwing fan de autochtoane, nasjonale minderheden en foar in bliuwende stipe oan de nije generaasje.
Wy, de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen, wolle ús ynsette foar in eigentiidske tapassing fan de grûnrjochten dy’t fêstlein binne yn wetjouwing foar de beskerming fan minderheden.
GRÛNRJOCHTEN
It beskermjen fan minderheden as ûnderdiel fan de minskerjochten garandearret de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen de neikommende grûnrjochten:
1. It rjocht op taal / it rjocht om de memmetaal te brûken yn de omgong mei oerheden en foar it gerjocht
2. It rjocht op ûnderwiis / it rjocht op skoallen en it rjocht op ûnderrjocht yn de memmetaal
3. It rjocht op kultuer
4. It rjocht op religy
5. It rjocht op eigen organisaasjes
6. It rjocht op ûnbehindere kontakten oer de nasjonale grinzen hinne[viii]
7. It rjocht op ynformaasje en eigen media
8. It rjocht op fertsjintwurdiging yn it iepenbier bestjoer
9. It rjocht op oanpaste foarms fan selsbestjoer en kulturele selsstannigens (autonomy)
10. It rjocht op politike fertsjintwurdiging en politike partisipaasje
11. It rjocht om de eigen namme te staverjen en út te sprekken yn de eigen taal
12. It rjocht op it brûken en sichtber meitsjen fan de tradisjonele plak-, fjild- en strjitnammen op hânwizers en oare topografyske buorden
13. It rjocht op beskerming fan oerurven fêstigingsgebieten
POLITIKE OANSPRAKEN / HANNELINGSOANBEFELLINGS
De ûndertekeners fan it Hânfêst fan[ix] de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen yn Europa befêstigje de neikommende needsaaklike politike easken, dy’t likegoed foar ynternasjonale organisaasjes as foar aparte steaten ornearre binne, om:
in binende beskerming te jaan oan minderheden yn it ynternasjonale of folkerjocht en it beskermjen fan minderheden fêst te lizzen yn de wetten foar minskerjochten,
te soargjen foar it lykberjochtige dielnimme te kinnen oan it politike debat en it konstruktyf behelle te wêzen by maatskiplike feroarings,
de sivile organisaasjes fan de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen yn Europa te erkennen en te fersterkjen en de posysje fan de net-gûvernemintele organisaasjes (NGO’s) dy’t de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen fertsjintwurdigje, te ferbetterjen, benammen de FUEN/FUEV en de YEN/JEV.
te kommen ta in folsleine gearwurking tusken de ynternasjonale organisaasjes, benammen dy tusken de Europeeske Uny, de Ried fan Europa, de OSCE/OSZE en de Feriene Naasjes (UN/UNO), op it mêd fan it beskermjen en foarútbringen fan de minderheden. De ûndertekeners warskôgje tagelyk foar it ta stân bringen fan konkurrearjende struktueren.
in ûntwerp te meitsjen dêr’t de noarms en standerts foar oerienkomsten en ferskillen tusken de nasjonale, autochtoane minderheden en groepen dy’t troch ymmigraasje en flechtingestreamen ûntstien binne, yn fêstlein wurde.
De ûndertekeners fan it Hânfêst fan de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen yn Europa easkje fan de Europeeske Uny
Dat dy it biedwurd fan de uny ‘Ienheid yn ferskaat’ yn praktyk bringt, mar dat dy dat net allinnich beheint ta de nasjonale kultueren en talen fan de lidsteaten, mar útwreidet ta alle kultueren talen fan Europa, dat dy fannijs begjint mei ûnderhannelings oer de takomst fan it Europeesk Grûnwetlik Ferdrach, resp. oer dy fan de grûnrjochten út Part II fan de Grûnwet, dat it net neilibjen fan de minderhedestanderts sa’t dy’t fêstlein binne yn de Keappenhavenske kritearia, in betingst bliuwt om it lidmaatskip fan de EU te wegerjen. Yn dat ramt steane wy oan op it ferbetterjen fan it tafersjochsysteem en ferwize dêrby nei de ûnderfinings en saakkundigens fan de Ried fan Europa, dat der in ein makke wurdt oan de ‘dûbelde minderhedestanderts’ wêrby’t fan de nije lidsteaten ferwachte wurdt dat dy effektive minderhederegelings útfiere, wylst gâns ‘âlde lidsteaten’ dy net tapasse of sels it bestean fan minderheden op it grûngebiet fan de eigen steat ûntkenne, dat it beskermjen fan minderheden opnommen wurdt yn it tafersjochsysteem foar de minskerjochten fan de Europeeske Uny en dat dêrtroch Europeeske minderhedestanderts ta stân komme, dat dy autochtoane, nasjonale minderheden opnommen wurde yn alle projekten, subsidiearre programma’s en oare plannen, benammen as it giet om it befoarderjen fan de meartaligens, it talelearen en de regionale ûntwikkeling, dat dy him oanslút by it Europeesk ferdrach foar de minskerjochten (EMRK). De ûndertekeners fan it Hânfêst foar de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen in Europa easkje fan de Ried fan Europa dat dy syn oant no ta tige fernijende wize fan wurkjen útwreidet mei in nije, strategyske oanpak fan de minderhedebeskerming en mei in helder konsept dat rjochte is op it behâlden fan it ferskaat oan talen en kultueren, in konsept dat ynspraak mooglik makket foar maatskiplik organisearre boargers dy’t streekrjocht te krijen hawwe mei de belieds- en beslútfoarming fan de Ried fan Europa,
in ôfdwaande fierdere ûntwikkeling fan de oanpak fan minderhedebeskerming, dy’t yn gjin gefal ôfsletten is mei it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden is in fierdere ûntwikkeling fan de besteande kontrôlemeganismen yn it ramt fan de besteande rjochtsdokuminten. Dêrby moat derom tocht wurde dat de oanbelangjende autochtoane, nasjonale minderheden en harren belange-organisaasjes dêr altiten by behelle wurde, dat – mei in berop op it ûntwerp fan in taheakke protokol by it Europeesk minskerjochteferdrach troch de parlemintêre gearkomste fan de Ried fan Europa en op it útstel foar in apart ferdrach foar de minderhedebeskerming troch de Veneesje-Kommisje fan de Ried fan Europa – in konkrete fierdere ûntwikkeling fan de minderhedebeskerming konsekwint neistribbe wurdt. Derby moatte juridysk op te easkjen kollektive rjochten de heechste prioriteit krije.
De ûndertekeners fan it Hânfêst foar de autochtoane, nasjonale minderheden / etnyske groepen yn Europa easkje fan de Europeeske steaten
de erkenning fan alle autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen op it grûngebiet fan de eigen steat, de ratifisearring fan de Europeeske dokuminten – fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden (1995) en it Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden, it korrekt en folslein útfieren fan de wetten dy’t makke binne yn it ramt fan en as ferfolch op it lid wurden fan de EU en ek it tapassen dêrfan yn de ‘âlde lidsteaten’ fan de Europeeske Uny, it hanthavenjen en it ferbetterjen fan de minderhedestanderts dy’t der al binne yn nau oerlis mei de minderheden en der belange-organisaasjes dêrfan.
De ûndertekeners fan it Hânfêst foar de autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen yn Europa en de beide koepelorganisaasjes fan de autochtoane, nasjonale minderheden yn Europa – de Federal Union of European Nationalities / Föderalistischen Union Europäischer Volksgruppen en de Youth of European Nationalities / Jugend Europäischer Volksgruppen ferplichtsje harren om
de prinsipen dy’t de grûnslach foarmje fan dit hânfêst oan te nimmen en har dêroan te hâlden, om it taal- en kultureel ferskaat yn Europa feilich te stellen en by te dragen oan de ûntwikkeling fan de Europeeske regio’s, aktyf mei te helpen oan it opbouwen fan in Europeeske boargermaatskippij en in Europeeske mienskip dy’t stuolket op de ûnferfrjemdbere wearden en it geastlik erfskip, benammen dy fan it taal- en kultureel ferskaat.
——————————————————————————–
Noaten
[i] De Dútsktalige ferzje hat ‘Charta der autochthonen […]’, de Ingelsktalige ‘Charter for the autochthonous […]’.
iiYn de Dútsktalige ferzje fan it hânfêst stiet ‘Europa’ en yn de Ingelsktalige ‘European Union’. Wy hâlde it op ‘Europa’; dat is it wurkterrein fan de FUEN.
iii Lykas bygelyks de Hongaren yn Roemeenje en Slowakije, de Slowenen yn Itaalje en de Denen yn Dútslân.
iv Lykas de Sorben yn Dútslân, de Friezen yn Nederlân en Dútslân, de Ladinen yn Súd-Tirol en de Basken en Katalanen.
v It foarlizzende Hânfêst slacht op de hjirboppe definiearre autochtoane, nasjonale minderheden / befolkingsgroepen. It is net fan tapassing op dy groepen dy’t nei Europa kommen binne troch ymmigraasje en as flechtlingen.
vi Of:‘lykmeitsjende begeunstiging’.
vii Ek: ‘offisjeel’.
viii Of: ‘grinskrusende kontakten’
ix De Dútsktalige ferzje hat ‘Charta der autochthonen […]’, de Ingelsktalige ‘Charter for the autochthonous […]
Besibbe hiemsiden