Noard-Frysk

Noard-Fryslân
Dat leit oer de wei sawat 10 kear safier by ús wei as Sealterlân: wol sa’n 500 km. Mar by âlds mei boaten wie it skeanoer fansels folle tichter by. En dan hawwe wy it allinne noch mar oer it fêstelân, in smelle stripe oan de westkust fan Sleeswyk, krekt súdlik fan de Deenske grins. Dêrfoar lizze dan noch de eilannen, guon lykjend op ús waadeilannen as Söl (Sylt) en Oomram (Amrum), mar ek oare as Feer (Föhr), de ûnbedike Halligen en dan noch sa’n 100 km nei it suden it rotseilân Hilgelân, dêr’t Halunder praat wurdt.

Dan dy taal. It fêstelânsk Noard-Frysk liket wol wat op it Sealtersk. Sa binne yn de Mooringer tongslach gelyk släipe ‘sliepe’, täiwe ‘wachtsje’ en likernôch yn ‘e útspraak: tånke ‘tinke’, slåchter ‘slachter’. En dan wer it ferskil froulik/manlik: lidwurden en di, telwurden iinj, tou, trii en åån, twäär, tra.
Dêr kinne wy út sjen dat de Mooringer stavering de Deenske å brûkt om it o-lûd oan te jaan: ål ‘al’. Dan sitte wy al wer by ús Frysk, lykas ek yn wätj ‘wiet’, swätj ‘swiet’, jeewe ‘jaan’, ferjeese ‘ferjitte’. Mar der binne ek wer dingen oars, lykas a yn pleats fan i: Di fasch as bater ‘de fisk is bitter’. Dêrby is de a yn bater ek koart, want in lang lûd wurdt altyd dûbel skreaun en dan hoecht de t net dûbel.

En dan binne der ek echt Deenske wurden, lykas ai ‘net’: Ik mäi dåt ai ‘ik mei dat net’. Sa ek bru ‘brêge, waane ‘freon’, kääre ‘ride’, trååt ‘wurch’. Dy Noardfriezen hawwe dêr dan ek al lang op dy kuststripe wenne; der wurdt oannommen dat se har al yn de tolfte iuw út it gebiet fan de Iemsmûning wei op de fruchtbere klaaigrûnen delsetten, dy’t troch eardere oerstreamings ûntfolke wiene.
De taal fan de eilannen is nochal oars, lykas bliken docht út it folgjende rychje:

Guon taallearden miene sels dat it gjin Frysk is. Der wurdt dêrom oannommen dat dy bewenners har dêr al in fjouwer iuwen earder delset hawwe.
Folle letter kamen der ek Hollânske ynfloeden, mei’t Hollanners har delsetten op it troch de Hollânske wettersteatkundige Leeghwater droechmakke eilân Noardstrân. Guon skippers fan de oare eilannen fearen sels as kaptein op Nederlânske skippen, b.g. op de walfiskfangst.

Oars as it Sealtersk waard it Noard-Frysk al ier skreaun. Fan it  yn1634 oerstreamde eilân Strand is út 1600 in Fryske kategismus oerlevere en fierders de tekst fan in liet oer it stellen fan in wear. En der waard ier yn ‘e foarige iuw al Frysk op skoalle jûn, doe’t dat by ús noch net fan ’e grûn kommen wie. Yn ‘e nazitiid waard dat lykwols de kop yndrukt. De hjoeddeiske taaltastân is net sa bêst. Yn fierwei de measte gebieten wurdt it Frysk noch praat troch in minderheid en guon tongslaggen binne al (hast) útstoarn. Allinne yn it westen fan it eilân Feer is it Frysk noch de gewoane doarpstaal. Dêr wolle se no begjinne mei in Fryske omrop, wylst wy it Mooringer Frysk fan it fêstelân elke dei op ynternet hearre kinne: http://friiskforiining.podspot.de/.
Der hawwe yn Noard-Fryslân lang fûle tsjinstellings west tusken Dútsk- en Deensksinnigen, mar dy binne no gelokkich belune. Uteinlik hat dat laat ta in flinke Fryske ynfloed yn de polityk.

Mear is te finen by it Noard-Fryk ynstitút www.nordfriiskinstituut.de  en by de Ferring Stiftung http://typo.kulturimnetz.de/t1/index.php?id=2&L=2

En dat drege sintsje is hjir (yn it Mooringer Frysk): Di dreng aide dåt foomen am dåt kan än mäket har aw da siike.

Pyt Kramer

Yllustraasjes:
481px-Kartenordfriesischedialekte.gif fan Wikipedia http://fy.wikipedia.org/wiki/Noardfrysk
SNAAK28D.JPG is scan fan part fan siden 28-29 fan V. Tams Jörgensen, Snaak Friisk!, Nordfriisk Instituut 1981.

WordPress Image Lightbox Plugin