Wet fan 2 oktober 2013 oangeande regels foar it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear (Wet gebrûk Fryske taal)
Wy Willem-Alexander, by de graasje fan God, Kening fan de Nederlannen, Prins fan Oranje-Nassau, ensfh. ensfh. ensfh.
Al wa’t dizze sjen sille of lêzen hearre, salút! dogge te witten:
Sa’t Wy yn berie nommen hawwe, dat it winsklik is om yn in taalwet it plak fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear te ferankerjen en de gelikense rjochten fan de Nederlânske taal en de Fryske taal yn de provinsje Fryslân te garandearjen;
Sa is it, dat Wy, nei de Ofdieling advisearring fan de Ried fan Steat heard te hawwen, en mei mien oerlis fan de Steaten-Generaal, goedfûn en ferstien hawwe, lykas Wy hjirby goedfine en fersteane:
Lês fia ûndersteande link de folsleine taalwet (pdf)