Abe Lenstra: Fuotbal-leginde út Fryslân

Abe Lenstra (slachtmoanne 1920-hjerstmoanne 1985) in fuotbalsjeny, dat al tige jong útblonk. Hy wie in yn it each rinnende fuotballer dy’t ta de bêste fuotballers fan Nederlân heart. Mei in ferwielen technyk, in bjusterbaarlik ynsjoch, in flammend skot en net nei te kommen skynbewegings wie er syn tsjinstanners de baas.

Abe wie in bûtengewoane spiler, dy’t sa út en troch de yndruk joech dat er te min mei it spul dwaande wie, mar dan ynienen freon en fijân fersteld stean liet fan in fjoerskerpe pass, in goochem foefke of in deadlik skot. Abe Lenstra stie mei de legindes Faas Wilkens en Kick Smit model foar de optochte wûndermidfoar KICK WILSTRA.

 

Hy wie briljant, mar in sjeny mei remmingen. Sels yn Fryslân hienen de lju sa út en troch swierrichheden mei him, al ferdigenen de Friezen syn hâlden en dragen nei de Hollanners ta altiten. De eigensinnige Fries wegere syn provinsje te ferlitten doe’t Inter Milaan him in blanko sjek tabediele woe. Ek fan oare bûtenlânske klups (ûnder oaren Fiorentina en Rot Weiss Essen) krige er oanloklike oanbiedings, mar elke kear sloech er de fiansjële ferlieding ôf mei it argumint dat er himsels net as slaaf ferkeapje woe. “Ast prof wurdst, hast neat mear te sizzen en kin de klup dwaan en litte mei dy wat se wolle” neffens ús Abe. Njonken it fuotbaljen hie er in baan op it buro fan de gemeentlike administraasje op ‘e ôfdieling befolking. Hy hie in soad leafhawwerijen. Hy mocht graach kaarte, biljerte, reedride, damje en skake. Ek yn syn hobby’s wie er faak in grut talint.

 

It Nederlânsk alvetal
As international wie Abe Lenstra in nuversma. As er gjin nocht hie, melde er him gewoan ôf. Doch hat er noch 47 wedstriden foar it Nederlânsk alvetal balle. Mei Faas Wilkens en Kees Rijvers foarme er yn Oranje in fuotbaltrio dat de skiednis yngong is as it Gouden Binnentrio. Lenstra nimt mei 33 doelpunten it fjirde plak yn op de ranglist fan topskoarders fan it Nederlânsk alvetal. Hy hat like folle goals makke as Johan Cruiff (48 wedstrden) en Ruud van Nistelrooy (64 wedstriden), mar makke syn goals yn minder wedstriden. Patrick Kluivert 40, Dennis Bergkamp 37 en Faas Wilkens 35 makken mear goals foar it Nederlânsk alvetal.


Doe’t Abe tolve wie ûntfong er fan de Britske trainer Syd Castle it fuotbaltechnysk diploma en twa jier letter krige er in oanbieding om yn Ingelân foar Huddersfield te fuotbaljen. Syn heit blokkearre de oerstap. Op de 28ste fan ‘e sellemoanne fan 1937 makke Abe Lenstra (doe’t er sechtjin wie) syn fuotbaldebút foar de Pompeblêden út Fryslân. Yn syn earste wedstryd foar Noard-Nederlân tsjin Noard-Dútslân prestearre er it om alle fjouwer goals foar Nederlân te meitsjen.
Fansels kaam er, as earste Fries, foar it Nederlânsk alvetal yn oanmerking. Hy debutearre yn ‘e foarjiersmoanne fan 1940 yn Rotterdam tsjin Lúksemboarch. Nederlân ferlear dy wedstryd mei 4-5. Al gau foarme er mei Faas Wilkes en Kees Rijvers in ferneamde oanfalsliny. Hja waarden It Gouden Binnentrio neamd. Goed 19 jier letter sleat de tûfde Lenstra syn ynterlânkarriêre ôf yn de wedstryd Nederlân-België. Dy derby einige yn in lykspul (2-2) en Abe skoarde yn ‘e 73e minút it twadde doelpunt fan Nederlân. Yn totaal kaam er op 47 ynternasjonale wedstriden. Om’t er yn de Twadde Wrâldoarloch net fuotballe, bleau in rekôr út. Jierren nei syn ôfskie as international rôp it publyk by minne wedstriden fan it Nederlânsk alvetal noch altiten út alle macht syn namme. Abe! Abe! Abe! Abe!

 

De BESTE FUOTBALLER DY’T FRYSLAN EA KEND HAT
Hy wie in skoft fuotballer fan It Hearrenfean (yn dy dagen ek wol ‘Abefean’ neamd). Hy helle dêr ferskate ôdielingskampioenskippen, mar nea de lânstitel. Abe Lenstra ferhuze yn it lêst fan syn karriêre nei SC Enschede en profitearre sa noch efkes fan it betelle fuotbal yn Nederlân.

De histoaryske wedstryd op de sânde fan ‘e blommemoanne yn 1950 tusken Hearrenfean en Ajax is noch altiten by elkenien bekend. Yn dy wedstryd stie Hearrenfean in healoere foar de ein noch mei 1-5 efter, mar wûn de wedstryd noch mei 6-5. Abe wie de held. De earste twa goals waarden makke troch Abe en by de oare fjouwer goals hie er in tige wichtige rol. Dy wedstryd makke Abe ta de kening fan Fryslân. En Ajax…, Ajax ferlear troch Abe it kampioenskip. Yn 1995 waard yn it stadion fan Hearrenfean, dat nei Abe ferneamd is, in teaterstik oer dy histoaryske wedstryd opfierd: it spektakelstik ‘Abe’,
Yn syn lange karriêre hat Abe Lenstra nea lânskampioen west. Yn 1958 op ‘e 15e fan ‘e simmermoanne wie er der tichtby. Syn klup Enschede en de fuotbalferiening DOS hienen likefolle punten en in beslissingswedstryd moast de lânskampioen oanwize. Nei trije minuten yn ‘e fjirde ferlinging skoarde Tonny van der Linden foar DOS, en troch dy nederlaach gie foar Abe syn lêste kâns op in lânskampioenskip ferlern.

Yn it foarjier fan 1977 waard Abe troch in harsenblieding troffen. Dêrtroch hat er de lêste acht jier fan syn libben yn in rolstoel trochbringe moatten. Yn 1985 stoar er troch in akute hertstilstân. Abe wurdt sjoen as de bêste fuotballer dy’t Fryslân ea kend hat. Men kin sels fan tinken wol ha dat Abe yn ien azem mei Cruiiff neamd wurde soe as er yn ‘e Rânestêd berne wie.

WordPress Image Lightbox Plugin