De Skiednis fan it fierljeppen

Oeral yn ús lân sjogge jo brede en minder brede fearten en der is gjin bettere manier om dy oer te stekken as mei in lytse polsstôk. De polsstôk hat dan ek, sûnt it begjin fan de tiden, in normaal gebrûksfoarwerp west foar de Nederlanners.

Yn âlde kroniken fan om ende by it jier 1200 fine wy al ferwizings nei de polsstôk en op de skilderijen fan Pieter Breughel (16de iuw) sjogge jo de polsstôk ek regelmjittich ferskinen.

Lykas mei elk transportmiddel waard de polsstôk ek ynset foar kompetysjes. Wa wie by steat om oer de breedste feart te springen? Op 24 augustus 1767 waard de earst bekende  offisjele wedstriid holden yn Baard, organisearre troch kastlein Ype Gerbens.  Polsstokken waarden yn dy tiid ek brûkt foar oare spulfoarmen.

Nei roerige jierren tusken de rivalisearjende Fryske fierljeporganisaasjes waard yn 1960 it Frysk Ljeppers Boun oprjochte. Mei dy oprjochting waard in begjin makke om struktuer te bringen yn it organisearjen fan wedstriden. In pear jier letter wienen der yn de provinsjes Utert en Súd-Hollân ek algemiene fierljepwedstriden. Mar yn 1975 waard pas offisjeel de Polsstokbond Holland oprjochte.

Al sûnt 1966 stride de regio’s mei-elkoar om de eare foar de bêste fierljep-regio yn Nederlân. Seis jier letter waarden de earste Nederlânske Kampioenskippen fersprongen. Hast gie de Hollanner Teus Eikelenboom mei de earste Nederlânske titel oan de haal. Op it nipperke koe Roel Bokke Span de eare fan de Friezen rêde.

Alle jierren wurdt yn augustus yn Winsum it Frysk Kampioenskip Fierljeppen holden, ek foar froulju.

WordPress Image Lightbox Plugin