It Frysk hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier yn ’e tiid werom. Al yn de 13e iuw wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch altyd dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.
Iere Skiednis
It Frysk hynder waard nei alle gedachten al mear as 3.000 jier lyn brûkt. Út âlde boarnen docht bliken dat it al brûkt waard troch de Romeinen, dy’t it hynder tige wurdearren. Se namen de Fries mei as oarlochshynder, yn de fjildtocht nei Ingelân. Yn de Midsiuwen waard de Fries benammen as oarlochshynder brûkt. Yn de Tachtichjierrige Oarloch leveren krusings mei Spaanske hynders, benammen Andalûsiërs yn de santjinde iuw in aktyf en alsidich type Fries op.
Yn de achttjinde en de njoggentjinde iuw wie it Frysk hynder tige populêr op hurddraverijen. Earst waard allinnich riden ûnder de man mar letter ek foar de sjeas. Alle jierren waard op Kening swipe-dei yn Ljouwert in hurddraverij holden om in gouden swipe dy’t fan 1823 ôf alle jierren beskikber steld waard troch de kening. Oan ’e ein fan de njoggentjinde iuw makke de opkomst fan spesjaal foar it draven fokte Russyske en Amerikaanske dravers in ein oan de draverskarriêre fan it Frysk hynder.
Frysk Hynste-Stamboek
Om’t der yn de 19e iuw hieltyd mear krúst waard mei oare rassen drige it Fryske ras te ferdwinen. Om dat foar te kommen waard op 1 maaie 1897 it Frysk Hynste-Stamboek oprjochte yn herberch De Trije Romers yn Reduzum. Yn it begjin registrearre it stamboek sawol suvere Friezen as krúste hynders, mar dan wol yn aparte boeken. Letter is dêr allinnich de registraasje fan de Friezen fan oerbleaun.
Troch de meganisaasje fan de lânbou wie ein sechtiger jierren in djiptepunt foar it Frysk hynder. Noch mar sa’n 1.000 hynders stiene ynskreaun yn de registers fan it stamboek. Mei tank oan in stikmannich fokkers dy’t it Frysk hynder behâlde woene, is der net krúst mei oare hynsterassen en beskikke wy no noch oer in Frysk hynder. Yn 2003 wiene der al wer 40.000 Fryske hynders.
Arabo-Fries
Tsjintwurdich is de Europeeske Arabo-Friezen Feriening (EAFV) dwaande in lyts diel Arabyske folbloed yn it Fryske hynder werom te fokken, om se mear geskikt te meitsjen foar de sport. Arabo-Fryske hynders wurden (noch) net opnommen yn it Friesch Paarden Stamboek (FPS). In Arabo-Fries is dus net samar in Fries dy’t krúst is mei in Arabier, mar in útbalansearre fokprodukt.
Skaaimerken
It Fryske Hynder is in sierlik eagjend hynder mei in soad behing en in grutske hâlding. It lichem is kompakt en sterk.
- Hierren: De manen binne lang, fol en slaggerich, lykas de sturt.
- Holle: De Fries hat in fine holle mei koarte, skerpe en beweechlike earen.
- Hals: Heechoppich en bûgd.
- Skoft: Tige leech.
- Skouders: De skouders binne krêftich ûntwikkele.
- Skonken: Nochal koart, mar stevich, lang behierre en mei in fetlok.
- Kleur: In Fries is suver altyd swart sûnder ôftekenings. Ôftekenings binne dan ek ferbean, hoewol’t in lyts koltsje in inkele kear troch de fingers sjoen wurdt. In inkelde kear komt der in tige seldsume brune fariant foar.
- Hichte: Tusken 1,50 m en 1,70 m.
It brûken
Bekend binne de Friezen foaral fan de shownûmerrubriken, dêr’t se foar de Fryske Sjeas rinne en riden wurde troch boeren en boerinnen yn Fryske dracht. Mar ek ûnder it seal prestearret de Fries goed. De Fries hat dúdlik oanlis foar dressuer en hy wurdt ek in soad brûkt as hegeskoallehynder, bygelyks yn it sirkus.
Peter Spahn rydt mei de hynst Adel 357 mei yn de ynternasjonale Grand Prix, krekt as Goffert 369 en Belinda Nairn-Wertman dat yn Amearika dogge. In tal Nederlânske amazônes is hast startberjochtige foar de Grand Prix mei harren Fries.
De Fries is lykwols net geskikt foar de springsport. It hynder is nammentlik oarspronklik fokt as wurkhynder dat troch de wike gewoan ploegje moast, en op snein waard it hynder foar de koets spand as de famylje nei tsjerke ta gong.
Beweging
De Fries hat in hege knibbelaksje yn draaf, de galop is heech sprongen en lit in soad spektakel sjen. De Fries beweecht him steatlik en floeiend.
Karakter
De Fries is freonlik, libben mar mak, yntelligint, learderich en trou. Fierder is er in willige wurker. Ek hat it Frysk Hynder in koele holle en is dêrtroch tige geskikt foar rekreatyf riden en bûtenritten. Ek wurd it Frysk Hynder foar de dressuursport brûkt