Grif al sa’n trije iuwen, en nei alle gedachten langer, wurdt yn Fryslân damme. Foar rûchwei 1900 waard dat hjir eins mar op ien wize dien. Dat waard gewoanwei ‘damjen’, mar ek wol ‘oer alles’ neamd. No sizze we ‘Frysk Damjen’.
Yn de njoggentjinde iuw waarden troch kastleins in protte dammerijen útskreaun. De namme Frysk Damjen wurdt noch mar sa’n hûndert jier brûkt. Nei 1900 waard yn Fryslân troch mear en mear minsken ek de no bekendere fariant spile. As der twa foarmen binne, dan moatte dy elk har eigen namme ha. It is ‘Frysk’ en ‘Hollânsk damjen’ (somtiden ek wol ‘Poalsk damjen’ of gewoanwei ‘damjen’) wurden. Earst brûkte men it ûnderskied ‘oer alles’ en ‘oer hoeks’. Dat hat te krijen mei de wize fan slaan. By it Frysk Damjen wurdt der skean én rjochút of oerdwers slein (oer alles) en by it ‘gewoane’ damjen slacht men allinne skean (oer hoeks). Yn ’e wrâld binne in protte farianten fan it damspul. Faak is de namme ôflaat fan it lân dêr’t it spile wurdt. Sa wurdt der Ingelsk, Spaansk, Turksk, Kanadeesk en Russysk damme. Elk spul hat syn eigen regels en somtiden ek eigen boerd, mei 196, 100 as 64 fjilden. Marc de Smedt neamt yn “L’esprit des jeux” (Paris, Seghers, 1980) noch in nijsgjirriche fariant: it saneamde Shaski. Dit wurdt spile yn ‘e omkriten fan Krasnojarsk yn Siberië op in skaakboerd (64 fjilden), neffens regels dy’t hast oerien komme mei it Fryske spul. Foar guon tinksporters wie it nochal skokkend doe’t de Smedt melde dat de stikken fan ’e iene partij foarme wienen nei de penis en fan ’e oare partij nei de fagina!
Dambûn Frysk Spul
Sûnt 1932 bestiet it Dambûn Frysk Spul en wurde der kampioenskippen yn ferskate klassen ferspile. Damklups yn ús omkriten fine jo yn Blauhús, Skearnegoutum, Aldegea-SWF, De Gaastmar, Hartwert en Lollum. It jierliks hichtepunt fan dizze sport is it klupkampioenskip, dat elke tredde sneon fan jannewaris ferspile wurdt yn Easterein. De persoanlik kampioen spilet elk jier in match tsjin de computer. It wurdt foar de mins hieltiid dreger, want it damprogramma LusorisIII is eins net mear te bedamjen.
Wat is oars by it Frysk Damjen (oer alles)?
Der wurdt diagonaal en orthogonaal slein, dat wol sizze skean, rjochtút en oerdwers. Mearslach giet foar. De wearde fan in daam is heger as in skiif, mar leger as fan twa skiven. Kin in daam as in skiif deselsde wearde slaan, dan giet de damslach foar. Hat men in daam (of dammen) én in skiif (of skiven) dan mei mar trijeris efterinoar mei deselsde daam in set dien wurde. Dêrnei moet der in slach dien wurde mei de daam of in set of slach mei in oar stik. It twongen non-aktyf fan de daam is dan wer opheft.
Foar mear ynformaasje sjoch: friesdammen.nl