Ljipaaisykje is in âlde tradysje yn Nederlân en dan benammen yn Fryslân. De aaien waarden opiten en mei de ferkeap koe knap jild fertsjinne wurde. It earste ljipaai waard sjoen as in symboal foar it begjin fan de maitiid. It earste fan Nederlân waard tradisjoneel oanbean oan de Keninginne, it earste fan Fryslân wie foar de kommissaris fan de Kening(inne) en dat fan gemeenten foar de boargemasters.
Fan 1960 ôf kaam der yn Nederlân hieltyd mear ferset tsjin it ljipaaisykjen en yn 1969 waard it earste aai net langer oanbean oan de Keninginne. De Nederlânske Floara-en faunawet fan april 2002 desintralisearre it wol of net tastean fan it aaisykjen nei de provinsjale oerheden en it waard oan in tal beheinende betingsten ferbûn. Yn gjin inkele provinsje waard oan dy betingsten foldien. Yn Fryslân wie lykwols ûntheffing ferliend, mar yn 2005 oardiele de Rjochtbank yn Ljouwert dat de proseduere net goed folge wie.
Troch ynspannings fan de provinsje Fryslân en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten slagge it om dochs dy ûntheffing te krijen. Wylst it yn de rest fan Nederlân no ferbean wie, waard it fan 2006 ôf yn Fryslân wer tastien om tusken 1 maart en 1 april te aaisykjen. Yn 2009 mochten der meielkoar 6431 ljipaaien meinommen wurde, yn 2010 5939, yn 2011 en 2012 ek 5939, yn 2013 6307 en yn 2014 weer 5939. Dat wiene de saneamde provinsjale maksima, mei boppedat in persoanlik sikerskwotum fan 15 aaien.
Sûnt 2015 is it meinimmen fan aaien ek yn Fryslân ferbean troch de Ried fan Steat om’t it tal ljippen hurd efterút rint. Der is hjir no in proseduere betocht om de sterke aaisikerstradysje yn ús provinsje yn it ramt fan de greidefûgelbeskerming noch wat yn stân te hâlden. It earste ljipaai bliuwt yn it nêst, de kommissaris fan de Kening komt derby om te kontrolearjen en de finer krijt de tradisjonele beleanning fan in persoanlike oarkonde, fyftjin euro en de Sulveren Ljip. Ek de earste fynsten yn gemeenten binne op dy wize mooglik, mar nei it earste aai slút it aaisykjen yn de oanbelangjende gemeente fuortdaliks. Dizze foarm fan aaisykjen mei allinnich dien wurde troch minsken dy’t tagelyk meidogge oan de saneamde neisoarch. Se moatte yn it besit wêze fan in persoansbûne kaart dy’t ynlutsen wurde kin as de siker him net oan de regels hâldt. Ien en oar ûnder ferantwurdlikens fan it BFVW.