Waadrinnen yn Fryslân

Fryslân hâldt net op by de seedyk. Tusken it Fryske fêstelân en de Waadeilannen leit in prachtich moai natuergebiet mei de status fan Unesco wrâlderfgoed: de Waadsee. Twa kear deis toant de see har boaiem, twa kear deis ferdwynt dy wer ûnder de weagen. Yn dit lânskip fan slikken, skorren en sânbanken dy’t trochsnien binne mei meänderjende prielen wurdt ien fan de meast Fryske sporten dien: waadrinne. Ien fan de meast Fryske, omdat de Waadsee oan de hiele Frysk kust grinzet en dêr’t waadrinnen troch de see nei elk Frysk Waadeilân mooglik is. Nearne oars op de wrâld leit in arsjipel oan in bytiden trochwâdbere see dêr’t oerstekken nei eilannen mooglik binne.

Sûnt 1939 wurde der toeristyske kuiertochten yn de Waadsee makke, mar Friezen rinne al iuwenlang oer it Waad, meastentiids út ekonomyske motiven. Hjoed-de-dei liede de Fryske waadrinorganisaasjes, Wadloopcentrum Fryslân en de Fryske Waedrinners, jierliks tûzenen toeristen feilich troch dat skitterjende natuergebiet.

Guon sjogge it waadrinnen as in natuerbelibbing wêrby’t it genietsjen fan dat oer-Fryske gea mei syn wûnderlike seebisten en -planten foarop stiet. Oaren belibje it waadrinnen mear as in sport wêrby’t de neidruk leit op in fysike ynspanning. Benammen jildt dat foar waadrintochten wêrby’t in grutte ôfstân ôflein wurde moat, soms troch stikken knibbeldjip swier slyk.

In Fries wist Fryslân op in bysûndere manier te ferienigjen. Menno de Leeuw is de earste dy’t in waadrintocht nei alle Fryske eilannen, sânplaten en halligen oan de Fryske Waadseekust yn Nederlân, Dútslân en Denemark folbrocht. Hy rûn nei mear as 55 ferskillende bestimmingen dy’t by gemiddeld heechwetter drûch bliuwe. Oant hjoed-de-dei is dat noch net troch oaren benei kaam.

www.wadlopen.net
www.wadlopen-in-friesland.nl

WordPress Image Lightbox Plugin